Noorden des Landen rit 2004

Deelnemers: W.Visser en echtgenote, A. Zuidam met echtgenote, P. Kramer met echtgenote, M. Asjes met zoon, D. van Enk, H. Deinum met echtgenote, A. Wiersema, R. Emons met echtgenote, H. Albers met zoon, P. van Spaandonk met zoon, W. de Kruijf met echtgenote, R. Hagen met echtgenote, M. Buijs met echtgenote, A. Spauwen, G. Hemmes met echtgenote en C.C. de Jong

As nij lid en net wittende wat ús te wachtsjen stie, setten myn frou en ik de moarns om goed healwei alven yn ús Stag ôf rjochting De Lemmer. Hoewol noch in bytsje fris om 'e noas, like it der dochs op dat de waargoaden op ús hân wiene, sadat de kap fan de Stag it fierdere ferrin fan de dei del koe. De rûtebeskriuwing brocht ús sûnder problemen by Restaurant "De Brekken" op 'e Lemmer, wer't wy in plakje fûnen tusken in stikmannich glânzjende soartgenoaten yn blau, brún, grien en read.

Yn it restaurant waarden wy begroete troch de fam. Kramer, lieten ús de kofje mei gebak goed smeitsje en makken yntusken kennis mei ferskillende oare entoesiaste "staggers". It makke mei dat wy ús al ridlik gau thúsfielden yn dit selskip.

Nei it iepeningswurd fan Ronald mei in spesiaal wolkom foar dhr. Wiersema fan Westerbork, dy't op syn beurt yn 't koart wat fertelle mocht oer it hoe-en-werom fan de oankeap fan syn Stag, koe it dan heve en krigen de 17 oanwêzige "staggers" de rûtebeskriuwing (mei plattegrûn) fan de troch de famyljes Kramer en Zuidam útsette rit.

Noch mar krekt bûten De Lemmer die it al gau bliken dat de 120 silinders (15x8) oer de smelle dykjes fan de Gaasterlânske Bremer Wildenis (mei syn (no noch) smûk skaadzjend beamtegrien) letterlik it bosk ynstjoerd waarden. Mar gjin noed, want doe't wy fia Rûgehuzen yn wat rommer fjild belânnen, seagen wy Gaasterlân wer fan in oare kant. Nei Aldemardum ried de karafaan rjochting it Murnser Klif, in heger en gloaiend lânskip mei mais en sinneblommen, sa no en dan ôfwiksele mei weidzjende kij en (foaral) Fryske hynders. En foar wa't se sjen woe, de Skotse Heechlanners wiene hjir bisûnder, mar misstienen net yn dit lânskip. Oan de oare kant sille de prachtige fiergesichten oer de Iselmar (mei syn protte sylskippen) op de measten fan ús grif ek yndruk makke ha.

Op it Reaklif foel ús each op de mânske tinkstien mei it opskrift: "Leaver dea as slaef". Hjir waard de binnenfallende Greve fan Hollân mei syn krigers yn 1345 in halt taroppen en ferslein troch de Friezen. En wa't foarút en omheech seach koe hjir ek noch in byld krye fan it saneamde "kitesurfen". Wier in prachtich gesicht!

Sa belânnen wy fia de karakteristieke doarpen Skarl, Warns en Molkwar rjochting Koudum by it "Stasjons Koffiehuis", in kreaze útspanning mei romme parkeargelegenheit en in útnoegjend terras. Wylst de bûnte samling fan 15 cabrio's hjir in oansprekkend "Stag-stasjon" foarme, sochten de "staggers" in noflik plakje op it sinnige terras, kamen de tongen los oer fan alles en noch wat en noege de kastlein ús út om ús goed te dwaan oan de kreas útstalde buffetlunch. Tige yn oarder en al mei al in ûngedwongen byinoar wêzen!

It twadde part fan de rit wie likernôch de helte fan it earste en gong fia Koudum, Harich en Elahuzen richting Wâldsein: in iepen lânskip mei smûke doarpkes, griene greiden, wide wetters en (dizze middei) 15 gewillich snorrende (en soms ferdwaalde) Stags, dy''t sûnder lêst of ûngemakken tsjin trijen de einstreep fûnen by "Hotel Woudsend". Under it genot fan kofje (of wat oars) wie hjir gelegenheit noch wat nei te praten oer dizze, yn ús eagen tige slagge, "Noorden des Lands-rit", dy't troch Ronald ôfsluten waard mei in dankwurdsje en attinsje oan it adres fan de útsetters en mei "in goede reis nei hûs" foar de dielnimmers.

Joure, Henk Deinum.